It transport stiet klear minsken. Wy kenne wer sa’n 600 húshâldings bliid meitsje. Fierders stiet der in grutte foarrie klear mei allegearre klean foar de tsjerken yn Iasi en Negresti. Pastor Paul en Niçu soargje derfoar dat dizze haadsaaklik winterklean teplak komme by dakleazen, omswalkers, ferslaafden ensf.Wy nimme ek wer in soad skoalleguod mei; taffeltsjes, stuoltsjes, kompjutertafels, boartersguod, krûperkes (wat in moai wurd foar in knuffel).In soad sportklean fan sc. Heerenveen en ús eigen fuotbalferiening VVZ. Pastor Paul en Niçu sykje hjir de fuotbalalvetallen by.Sikehússpullen net te ferjitten, wy moatte noch in pear kontainers mei fan alles wat út it MCL-Ljouwert helje. Ek ús freon dr. Munteanu Ioan fan it âldereinhús ken wer rekkenje op in soad klean, Tena spullen, dekbêden, rolstuollen, ensf.Der steane wat naaimesinen dy’t ek wol in moai plakje krije. Us freon Dan kriget fansels ek wer in kleanpakket en in dikke doaze mei boadskippen wêr’t der wat mei ken. Wy binne benijd hoe’t it der hinne leit by Dan.Koartsein; dy trije frachtweinen reitsje wol fol. De sjauffeurs kenne har mar klearmeitsje. Frachtweinen lade en dêr it spul der wer út. Wy ha de doazen seis kear troch de hannen hawn ear’t se teplak binne. It hâldt ús jong en linich en is goed foar de grauwe livenWy betankje ús froulju foar it protte wurk dat hjir wer foar dien is. Sortearje, ynpakke, waskje, breidzje..wike yn, wike út. Us ferhúzers dy’t dy doazen sa faak troch de hannen hawn ha. In kear as seis, sawn nei Anjum west mei in frachtwein fol. In gebealich.No’t wy it oer Anjum ha. Jaap Rosier hat ús de hier opsein. De hier wie om ‘e nocht en wy wolle Jaap tige betankje dat wy in pear jier syn âlde winkel brûke mochten. Anjum kriget in MFC en dêr wurdt û.o. de winkel foar brûkt. Wy binne fansels bliid foar Jaap dat de winkel ferkocht is, mar wy binne net bliid foar ússels. Der moat sa gau as mooglik in nij opslachplak fûn wurde.Op 6 maart waar ik skille troch Jikke Huizinga út Drachten. Jikke wurket op in so-skoalle mei bern dy’t muoite ha mei learen. Ien fan de bêrn, Rick, woe graach wat dwaan foar earme berntsjes. Fia heit Eddy Huizinga út De Westerein kaam HTR yn’t beeld. It is in grut sukses wurden. Jikke moast in pear kear ride om de klean yn de Westerein te krijen. Wat in machtich idee fan dy lytse man om wat te dwaan foar earme berntsjes. Rick, do bist in kanjer, en dyn freontsjes en freondintsjes ek.Tige tank!!! Soarget heit Eddy der efkes foar dat dit berjochtsje yn Drachten komt? Jikke en Eddy ek bedankt.Omtinken.Ien fan ús ynpaksters, Berdien Venema, hat netsjes har wurk ôfmakke. In saak fan planning. In wike letter is se opnaam yn it sikehús foar in operaasje oan ‘e foet. Sy moat seis wike yn it gips en dan noch revalidearje. Berdien, bedankt foar dyn ynset en sterkte tawinske.Ferantwurding!Pieter en ik ha wer te praten west. Nei de frouljusferiening yn Tytsjerk. Wy mochten wat letter komme dan koenen se earst de “saaklike” dingen ôfhannelje. Kertier nei achten koenen wy teplak. In hiele noflike jûn mei kofje, cake, sûkelarje, it koe net op. Wy ha in stikje film sjen litten fan HTR en fan Pastor Paul, en wat oan it fertellen west wat wy by de ein ha. Oan de ein fan de jûn lei it slûfke klear mar de froulju woenen ek noch mei de pet by del. Wy kamen thús mei €. 110,- Sa kenne wy wolris wer fuort, kost en ynwenning om ‘e nocht en ek noch jild derop ta. Froulju út Tytsjerk, BEDANKT.Fierders fia ús ponghâldster noch 2x in jefte fan €. 10,- wêr’t wy ek bliid mei binne.En €. 250,- fan de sindingkommisje fan de Herf. en Griff. Tsjerke, ús fêste sponsors. Tige tank. As jimme ek in pear sinten oer ha. Us banknr. 29.66.31.027Aksjes!!Rûnom Peaske de skoalleaksje. Dan komme de bern fan de Boustien by de doarren del foar in bydrage foar it transport nei Roemenië. De bern dogge harren bêst en as jimme ek meihelpe wolle komt it fêst klear. En op 15 juny it feest yn it winkelsintrum. It soe op de 8ste juny mar dan is der ek in grut fuotbalbarren foar bedriuwen yn de Westerein, en wy moatte elkoar net yn it farwetter sitte dêrom de hjerringparty in wike letter. De artysten hawwe der sin oan, in âld Westereender sil de feiling dwaan. Noch in stik as wat tillefoantsjes, wat regelwurk, in pear fergaderingen en dan is’t safier. Mids juny geane wy derfan út dat it waar mei spilet.It wurdt in moai middei.Gea en Johan Gjaltema fan Rinse’s Resto sille, sa’t wy dat wend binne, mei harren minsken ús wer ferwenne mei de nije hjerring.Dan yn de earste wike fan septimber it doarpsfeest. De braderie. Wy binne al wer drok oan it sparjen foar dy hunderten priizen dy’t jimme by ús winne kenne. Foar grut en lyts sil der wer wat wêze.Op paad.
De sjauffeursploech en de frijwilligers sille 29 april, 1 en 2 maaie de frachtweinen lade en dan moandei 6 maaie dat del. In goede reis tawinske.