HTR Nijs
Yn it hok lizze de froulju goed op skema.Wol is it och sa dreech want yn it twadde doarp wenje in protte grutte gesinnen ,dit betsjut dat der somtiden wol 5 doazen per gesin ynpakt wurde moat.Dêrom binne Sjoukje en Jantje no ek hieltyd wer op tongersdei oan it ynpakken.De oanfier fan klean is noch altyd goed,mar der is wol driuwend ferlet fan berneklean.De manlju ha al wer in protte doazen dy’t klear binne nei Bûtenpost brocht.Ek ha se al wer in moai protte skoallemeubilêr ophelle.
De frijwilligersjûn wie och sa gesellich,alhoewol der earst wat opstartproblemen wiene mei de film.Nei noch in ekstra bakje kofje/tee wie it probleem oplost en koene we sjen hoe’t de reis dit jier ferrûn is.Dêrnei ha we noch gesellich neisitten mei in hapke en in snapke.Dit is tige wichtich want jo prate as bestjoer net alle alle wiken mei de frijwilligers.Se witte ús gelokkich wol te finen as der wat is wat komselden foarkomt.
Neitins
Ferslein wine troch it hommels ferstjerren fan Geertje Visser- Wijbenga.Tegearre mei har man Pieter ha se, in lytse 25 jier lyn, besletten in hulptransport nei Roemenië op te setten.Krekt no’t se ferhúze wiene en it wat rêstiger oandwaan soene moasten Pieter en de bern ôfskie fan har nimme.Gelokkich meie se leauwe dat se bei har Himelske Heit is. Dochs is der it gemis en we winskje Pieter en de bern in protte sterkte ta.
De HTR winsket elts in protte lok en seine en in sûn 2018 ta.