HTR Nijs december 2019

HTR nijs

De foarige kear gie it oer de merke dy’t sa goed slagge wie, ien ding moast doe noch barre ,it útlotsjen fan de slachters- en de bakkersbonnen. Dat is ûnderwilens ek bard en wy hoopje dat de winners der lekker fan iten ha.

In tal wiken lyn ha 2 bestjoersleden ús film oer Roemenië sjen litten by de froulju fan de PKN tsjerke,dy wiene och sa ûnder de yndruk .Sy hâlden in kollekte (binne wy och sa wiis mei),mar doe’t sy seachen hoe drok at it is yn it hok ha har ek spontaan in nusje frijwilligers opjûn. Geweldich froulju!!! Ek út Garyp ha har in pear froulju opjûn.Dit doarp is ek al jierren yn’t spier foar Roemenië,sy ha ûnder oare in medyske post oprjochte.Foarhinne brochten sy der ek wol klean hinne,mar no net mear.Wy ha wolris wat medyske apparatuer foar harren meinaam en no ha wy ôfpraat wat mear gear te wurkjen.

Underwilens ha wy wer ús frijwilligersjûn hâlden,it wie in hiele noflike jûn :wy seagen de film fan de reis fan dit jier,en ûnder it genot fan in hapke en in drankje koene wy efkes byprate yn de Ferbiningstsjerke.(Koster noch tige tank)

Yn it hok wurkje se stoef troch.Der moatte sa’n 540 doazzen ynpakt wurde en der binne goed 200 klear.Sa gau mooglik wurdt wat klear is ôffierd nei Bûtenpost.

Wy winskje elkenien in goede Kryst in sûn en warber nij jier !!

Like ons op Facebook

Populair nieuws

Niet doorgaan vrijwilligersavond

Geschreven door Wiebe Kamminga op zaterdag 20 november 2021 19:02

Vrijwilligersavond 20 november 2021

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 09 november 2021 20:14

HTR Nijs september 2021

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 09 november 2021 20:11

HTR Nijs juni 2021

Geschreven door Wiebe Kamminga op maandag 21 juni 2021 19:26