HTR Nijs oktober 2019

HTR Nijs

De merke.

Dit jier hiene wy wer in doarpsfeest en sa as gewoanwei stiene wy op saterdei op de merke mei in ferlotting.No in grutte ferlotting mei ik wol sizze,mear as 500 prizen dit jier en wat in tarieding (voorbereiding). Hoe komme wy oan sa folle guod ?Al fier fan te foarren krije wy prizen fan partikulieren .Jo witte miskien wol hoe’t it giet yn ús lân der’t de measte minsken keapje wat sy wolle .Jo krije dan op de jierdei in kadootsje dat net yn jo ynterieur past,bygelyks de kleur net.Of jo krije 5 kear dûssjippe.Der wurde dan moaie pakketsjes fan makke.Fierders wurde wy ek stipe troch de middenstân.Dan moatte de lotten yn de slûfkes (enveloppen). Op de dei sels wiene de earsten al om 9 oere op de merke om de kream op te bouwen.Dat is wol efkes oanpoatsjen mar gelokkich hie Sjoukje de doazen nummere en wy hiene al gau in manier fûn om alles sa kreas mooglik út te stallen.Om 12 oere begûn de merke mar al ridlike gau hiene wy al klanten.Sa no en dan hiene wy efkes lins (rêst) om wat te iten ,dit moast om bar want it hâlde by ús kream oan as storein (er waren steeds klanten).En at de bern gjin priis hiene mochten sy fansels wat útsykje as treastpriis.Om 6 oere hiene wy noch 3 prizen oer.Doe moast fansels alles wer opromme wurde en koene wy jild telle.No ik kin wol sizze wy hiene in goudene dei :prachtich moai waar, it koe net better,in goede fersoarging troch de frijwillegers dy’t mei kofje en broadsjes del kamen,en net te ferjitten jim as keapers.Want sûnder jimme wiene fansels mei de hiele brot sitten bleaun.

DE OPBRINGST WIE SA’N 1500 euro. Eltsenien tige tank !!!!

Like ons op Facebook

Populair nieuws

HTR Nijs december 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 03 december 2019 19:41

Vrijwilligers avond 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 12 november 2019 21:48

HTR Nijs oktober 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op maandag 14 oktober 2019 10:24

HTR Nijs augustus 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op maandag 14 oktober 2019 10:20