HTR Nijs december 2019

HTR nijs

De foarige kear gie it oer de merke dy’t sa goed slagge wie, ien ding moast doe noch barre ,it útlotsjen fan de slachters- en de bakkersbonnen. Dat is ûnderwilens ek bard en wy hoopje dat de winners der lekker fan iten ha.

In tal wiken lyn ha 2 bestjoersleden ús film oer Roemenië sjen litten by de froulju fan de PKN tsjerke,dy wiene och sa ûnder de yndruk .Sy hâlden in kollekte (binne wy och sa wiis mei),mar doe’t sy seachen hoe drok at it is yn it hok ha har ek spontaan in nusje frijwilligers opjûn. Geweldich froulju!!! Ek út Garyp ha har in pear froulju opjûn.Dit doarp is ek al jierren yn’t spier foar Roemenië,sy ha ûnder oare in medyske post oprjochte.Foarhinne brochten sy der ek wol klean hinne,mar no net mear.Wy ha wolris wat medyske apparatuer foar harren meinaam en no ha wy ôfpraat wat mear gear te wurkjen.

Underwilens ha wy wer ús frijwilligersjûn hâlden,it wie in hiele noflike jûn :wy seagen de film fan de reis fan dit jier,en ûnder it genot fan in hapke en in drankje koene wy efkes byprate yn de Ferbiningstsjerke.(Koster noch tige tank)

Yn it hok wurkje se stoef troch.Der moatte sa’n 540 doazzen ynpakt wurde en der binne goed 200 klear.Sa gau mooglik wurdt wat klear is ôffierd nei Bûtenpost.

Wy winskje elkenien in goede Kryst in sûn en warber nij jier !!

Vrijwilligers avond 2019

Beste vrijwilligers,

De vrijwilligersavond wordt gehouden op zaterdagavond 23 november 2019 in één van de lokalen van de PKN kerk aan de Toremstrjitte.

Aanvang is 19.45 uur

U bent van harte uitgenodigd.

 

Bestuur HTR

HTR Nijs augustus 2019

HTR nijs

De simmer is wer hast foarby ,in tiid fan fakânsje en ûntspanning.Foar de iene wie dat lang foar de oare koart,foar de iene tichteby foar de oare tûzenden kilometers fuort.En dy’t dan wer thús wie gie mar wer nei ’t hok, at der teminsten te wêzen wie(wat hat it gleonhyt west),want yn it hok is altiten wol wurk.En dan binne wy fansels al wer dwaande mei de tariedingen foar de merke tidens it doarpfeest.Ik wit dat foaral Sjoukje Hoekstra al yn’t spier is om alles sa goed mooglik ferrinne te litten.Fansels is der sa as altiten in ferlotting foar lyts en grut of kinne jo in rollade winne!!

Miskien ek noch in spesjale ferrassing ? WY REKKENJE OP JIMME !!

                                                                                             HTR kommisje.

HTR Nijs oktober 2019

HTR Nijs

De merke.

Dit jier hiene wy wer in doarpsfeest en sa as gewoanwei stiene wy op saterdei op de merke mei in ferlotting.No in grutte ferlotting mei ik wol sizze,mear as 500 prizen dit jier en wat in tarieding (voorbereiding). Hoe komme wy oan sa folle guod ?Al fier fan te foarren krije wy prizen fan partikulieren .Jo witte miskien wol hoe’t it giet yn ús lân der’t de measte minsken keapje wat sy wolle .Jo krije dan op de jierdei in kadootsje dat net yn jo ynterieur past,bygelyks de kleur net.Of jo krije 5 kear dûssjippe.Der wurde dan moaie pakketsjes fan makke.Fierders wurde wy ek stipe troch de middenstân.Dan moatte de lotten yn de slûfkes (enveloppen). Op de dei sels wiene de earsten al om 9 oere op de merke om de kream op te bouwen.Dat is wol efkes oanpoatsjen mar gelokkich hie Sjoukje de doazen nummere en wy hiene al gau in manier fûn om alles sa kreas mooglik út te stallen.Om 12 oere begûn de merke mar al ridlike gau hiene wy al klanten.Sa no en dan hiene wy efkes lins (rêst) om wat te iten ,dit moast om bar want it hâlde by ús kream oan as storein (er waren steeds klanten).En at de bern gjin priis hiene mochten sy fansels wat útsykje as treastpriis.Om 6 oere hiene wy noch 3 prizen oer.Doe moast fansels alles wer opromme wurde en koene wy jild telle.No ik kin wol sizze wy hiene in goudene dei :prachtich moai waar, it koe net better,in goede fersoarging troch de frijwillegers dy’t mei kofje en broadsjes del kamen,en net te ferjitten jim as keapers.Want sûnder jimme wiene fansels mei de hiele brot sitten bleaun.

DE OPBRINGST WIE SA’N 1500 euro. Eltsenien tige tank !!!!

HTR Nijs juni 2019

HTR Nijs

Het hok,

Enkele weken geleden werden we in het hok verrast door SJOERD van de Salomon Levystraat,ze hadden thuis de passion opgevoerd en een collecte gehouden. Heel hartelijk bedankt voor deze gulle gave !

De reis.

Op 13 en 14 mei werd er geladen voor de reis naar Roemenië : er waren dozen voor 400 gezinnen ,schoolmeubelen en goederen voor een ziekenhuis.Hein v Althuis en Freerk Hoeksma namen (op eigen kosten ) het vliegtuig om de mannen te helpen met uitladen .Tjeerd jr. is nog volop aan het werk en had een week vrij genomen ,extra hulp was dus welkom.Vaak krijgen we de vraag:is hulp nog steeds nodig ? Ja het is zeker in dit gebied nog nodig.Liliana vertelde op de laatste vergadering dat ze een paar oude mensen had gesproken. De oude man vertelde dat hij nog graag een keer gebraden vlees zou willen ruiken,het was zo lang geleden dat hij dit niet meer had gehad !! De mannen hebben verder een goede en voorspoedige reis gehad wat ons met dankbaarheid vult. De mensen waren zo blij en dat geeft ons dan weer de moed en kracht om verder te gaan ,ook al omdat we ons weten gesteund door de mensen om ons heen.

Like ons op Facebook

Populair nieuws

HTR Nijs december 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 03 december 2019 19:41

Vrijwilligers avond 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 12 november 2019 21:48

HTR Nijs oktober 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op maandag 14 oktober 2019 10:24

HTR Nijs augustus 2019

Geschreven door Wiebe Kamminga op maandag 14 oktober 2019 10:20