Artikelen

HTR Nijs maart 2018

HTR Nijs

It hok

Yn it hok giet alles dat it slydjaget :de froulju hiene alle doarpen in pear wike ferlyn al klear en ha doe besletten der noch in doarp by te dwaan.No hiene we noch listen mei nammen fan 3 doarpen,fansels keazen se foar it doarp mei de measte ynwenners.Dus no moast de lea der noch efkes op. Pim vd Wal hat oanjûn dat sy ophâlde wol.It soe och sa moai wêze dat der in pear nije froulju by kamen om te helpen.

Underwilens ha de manlju ek net stil sitten,se ha noch manmachtich nei in skoalle yn Aldeberkeap west om tige moai skoalguod op te heljen.De loads fan Kapenga sit dan ek bom fol.

De reis.

Dit jier geane we fuort op 16 april,dat is in pear wike earder as oare jierren.Dit komt om’t fan in pear sjauffeurs it grutrydbewiis hast ôfrûn is ,sy kinne no noch moai in loop mei.De mannen dy’t dit jier meigeane binne Hein v Althuis , Sake de Bruin,Tjeerd Heikamp en Keimpe Venema.De frachtweinen binne besteld en de earste komt op moandei 9 april en dan kinne nei’t se woegen binne op tiisdei begjinne te ynladen.

                                                                   HTR Kommisje