Artikelen

HTR Nijs juni 2017

HTR nijs. Juni 2017

Ut it hok.

It is wer aardich rûm yn it hok, de froulju binne drok oan it reorganisearjen. Spitigernoch binne de nije listen der noch net foar ankom jier, mar it skiftsjen giet gewoan troch.

De reis.

De reis is hiel goed ferrûn. It wie wol wat drokker om ’t se in dei minder hiene. De klean binne wer nei de doarpen brocht en tank sij de giften koene we yn elke doaze in bibel dwaan. Bij it sikehûs binne medisinen brocht, skoallemeubels binne ôflevere en der binne bedsjes by dominy Paul delset. In wike letter krigen we al berjocht dat de bedsjes by un weeshûs brocht binne.

We wiene bliid dat de mannen sûn wer thús kaam binne.

Wol lei der in skaad oer de thúskomst. In dei earder wie Henk Boersma hommels ferstoan. Jierren oanien hat hy mei west as sjauffeur. Us tinzen binne by Foekje en de bern.

Ofskie.

Nei mear as 20 jier hat Jellie Postma ôfskie naam as frijwilligster; it waard har te swier. Jellie krige foar har ynset in blomke en sels traktearre se yn it hok op in stikje oranjekoeke (dat smakke tige by tige).

Jellie nochris tank foar dyn ynset.

(Sjoch ek de foto en har gedicht as ôfskie dat we jimme net ûnthâlde wolle.)

P.s.

Ik koe wol janke: 02-06-17, Jehannes moast de bakken leegje en dêr fûnen we in ferrassing. Sekken fol klean, no ja klean. It wienen mear fodden, wiet, smoarch en skimmelich, skuon sûnder soalen, dus we wiene och sa bliid mar, net echt. It hat ús in heale dei koste!!

Tige tank.

                                                                                                                              HTR kommisje