HTR Nijs februari 2019

HTR

It hok

Yn it hok leit alles op skema ,de doazen foar de doarpen binne ynpakt.Dochs binne de froulju begûn mei in nij doarpke.It is in doarpke fan likernôch (ûngefear)10 ‘gesinnen’. Tsien siz ik om’t de minsken hjir net altyd bliuwe.Se binne eins wat ferjage fan in oar plak.Dit doarpke ha wy ferline jier ek besocht en der hie Sjoukje noch wat foar regele oan stoullen en in tafel sa’t jim miskien noch wol witte.Kosti en Nicolette soarchje wat foar dizze minsken en hâlde kontakt mei de boargemaster dy’t ek wol ynsjocht dat it sa net kin.Wêr’t wy noch mei dwaande binne is te witten komme of’t de bern wol ûnderwiis krije ,want dit is fansels tige wichtich.Wy ha noch wol te krijen mei tekoart oan minsken yn it hok om’t der sykte is.Pim vd Wal komt noch gauris ,ek al hat se al ôfskied naam,mar in pear ekstra hannen kinne wy wol brûke.It goede nijs is dat Johan en Marta wer kaam binne.

De reis

Fan 3 sjauffeurs ha wy ôfskied naam,har rydbewiis is ôfrûn en de leeftyd spilet mei.Tjeerd Heikamp hat in omkesizzer fan him ree fûn om dit jier mei te gean.Om’t dy noch folop yn it wurk sit wolle se besykje de reis wat yn te koartsjen fan 12 nei 10 dagen.Sa’t it no stiet is it 13 en 14 maaie lade en 15 maaie fuort.

It bestjoer

Wy ha oerlis hân mei in pear minsken fan in oare stichting,se wurkje in bytsje oars mar it doel is krekt itselde.Doel fan dit oerlis wie om te sjen hoe”t wy inoar helpe kinne as dit nedich is.

                           HTR Kommisje

гис-технологии
ткани для вышивания