HTR Nijs september 2017

HTR nijs

Yn it hok rint alles goed,der binne al wer moai wat doazen ynpakt.Oer de oanfier fan guod ha we ek net te kleien.De mannen ha wer stuoltsjes en tafels ophelle by in skuolle yn Burum.

Yn neitins

Twa âldmeiwurksters fan de HTR binne ferstoarn.Earst Sjieuwke van Althuis;wat hat se in spreien haakt en sokken breide! Oan’t it lêst ta hy se belangstelling foar ús wurk ek al om’t Hein (har soan) alle jierren meigiet.

In pear wiken dernei ferstoar Marijke de Bruin,it is nog net lang lyn dat se noch yn it hok oan it skiftsjen wie.Nei it ferstjerren fan har man hie se it och sa dreech.We winskje de sibben (nabestaanden) in protte sterkte ta.

De merke

Ja dêr hie ik bij fersin skreaun dat dy yn augustus wie,mar dat wie fansels yn september! No dat wisten se gelokkich wol yn it doarp.En dat ha we witten!Wat in spektakel hie de feestkommisje der dit jier fan makke.It doarp brûsde fan libben en we wat hiene we in kostlik waar,it koe net better.Tank sij al dy besikers hat de ferlotting it moaie bedrach fan 1272 euro opbrocht,en de fleisbonnen binne ek al ophelle.Us tank oan alle minsken dy’t ús stipe ha is dan ek grut,want foar dit jild kin wer hiel wat diesel kocht wurde ankomme jier

Like ons op Facebook

Populair nieuws

HTR Nijs mei 2018

Geschreven door Wiebe Kamminga op zondag 24 juni 2018 17:55

HTR Nijs november 2017

Geschreven door Wiebe Kamminga op zondag 24 juni 2018 17:53

HTR Nijs maart 2018

Geschreven door Wiebe Kamminga op donderdag 17 mei 2018 08:45

Vrijwilligers avond

Geschreven door Wiebe Kamminga op dinsdag 31 oktober 2017 19:58