HTR nijs maart 2017

HTR nijs.

Ut it hok.

De froulju binne klear mei it ynpakken fan de doazen foar de gesinnen en de manlju ha der foar soarge dat alles wer klear stiet yn de loads fan Kapenga yn Bûtenpost.Dêr steane ek de skoalmeubels en de bernebedjes dy’t meigeane.Dit wol net sizze dat der neat mear te dwaan is,de froulju binne al wer drok oan it skiftsjen foar takom jier.De foarsitter hie in lytse ferrassing foar de meiwurkers:in traktaasje by de kofje/tee.,en dy foel der tige yn!

FERRASSING.

Ja der wie ek in oare ferrassing en no binne jimme fansels tige nijsgjirrich wat dat wie.Sa’t jimme miskien witte is der alle wiken in frijwilliger dy”t de tonnen achter de loads fan Pieter Visser leget.Johannes Postma wie dy wyks oan bar en die wol hiel bysûndere fynst.Wie it miskien in “hautcouture”jurk of in smite jild? Nee, it wie…. In trijekleurige kat yn in lytse plastikpûde(de poadsjes stusen der út) No witte we dat de minsken yn dy kontreien fan Roemenië earm binne ,mar dochs ek wer net sa earm dat we se deade katte bringe moatte.It soe moai wêze dat dyjinge dy’t syn/har kat mist dat efkes witte lit

                                                                                                                               HTR kommisje

гис-технологии
ткани для вышивания