Keningsdei.
Krekt-en-gelyk as foarich jier siten we mar te sjen :hoe komt it mei it waar.In dei fan te foarren wisten we eins noch net at we wol meidwaan soene oan de merke.Uteinlik binne we ta it beslút kaam om dochs lotten te ferkeapjen want we wiene der fierders wol klear foar.De deis sels wie it glûpende kâld,siz mar boarstrok waar. De froulju en manlju ha harren tige ynset,binne wol wat earder ophâlden ,mar dizze dei hat dochs wer 400 euro opsmiten.Tank oan eltsenien dy’t meiwurke hat,of dy’t lotsjes kocht hat
Jildsaken
De Kr.Grif.Tsjerke hat ek dit jier in kollekte hâlden foar HTR,letter soene we op de gemeentejûn noch in film sjen litte fan ôfrûne 25 jier.Spitigernoch liet de technyk it ôfwitte,dêrom bleau it bij fertellen,mar de film kinne altyd nochris sjen litte!De minsken lieten ús net yn de steek ,want nei ôfrin krigen we noch wol wat mei yn in slûfke. We waarden letter noch ferrasse mei in pear moaie anonime jeften (noch tige tank).
De reis.
Foarôfgeand oan de reis makken we ús wol wat soarchen hoe’t de reis ferrine soe yn ferbân mei de flechtlingen.Op de werom reis is der wat opûnthâld west bij de Hongaars- Roemeense grins mar fierders is de reis goed ferrûn.De skoalle wie och sa wiis mei de lêste taffeltsjes en stuoltsjes.It sikehûs der’t we altyd guod hinne brochten hie no kontakt mei Amerika,dus wiene neat nedich.Doe is it guod(ûnder oare in protte bêdeguod) earst opslein bij de tsjerke,mar dat stie de manlju dochs net oan en dêrom ha se it de oare deis wer ophelle en in nei sikehûs socht en itspul dêr hinne brocht;dy wiene der och sa bliid mei.Doe’t de mannen wer yn Fryslân wiene ha se earst de frachtweinen te plak brocht en binne se ophelle troch famylje,dit skeelt in pear oeren riden en in protte disel.Yn it doarp waarden se wolkom hiten mei in blomke bij ien fan ús sponsers.
Maitiid yn it hok.
Minsken jimme wolle it net leauwe mar it liket wol as hat ús hiele doarp en omkriten de klean útstrûpt. No hat it ek in pear wiken kostlik waar west fansels,mar der kammen bulten en bulten skuon en klean.It siet net iens yn pûden mar wie sa yn de bakken smiten.Mar hawar ,we ha it wer klear krige al wie dit wol wer in protte ekstra wurk,en de froujlu ferlagge der al hast yn.
HTR kommisje